Frysk is ek in skriuwtaal

Zeker acht Friese gemeenten zullen voortaan alleen nog in het Fries met het provinciebestuur corresponderen. Gedeputeerde Bertus Mulder nam het initiatief voor deze afspraak.

Yn de tsiende ieu waard al Frysk praat. Wêrom sille gemeenten en provinsje no earst Frysk skriuwe?

„Tweintich jier ferlyn hawwe wy al ôfpraat dat it Frysk yn it amtlik ferkear likefolle rjochten hie as it Nederlânsk. Mar dy útspraak waard juridysk ûnderút helle. Earst doe’t Nederlân healwei de jierren njoggentich it ‘Europees handvest voor minderheidstalen’ ûndertekene, koene wy oer nije bestjoersôfspraken neitinke. Doe ûntstie in juridysk fûnemint foar taalbelied.”

Frysk is dochs in sprektaal?

„Frysk hat fansels altyd ek in skriuwtaal west. Mar yn it ramt fan de tsjinstbere oerheid dy’t tichtby de minsken stean wol, is it in goed ding om de taal fan de boargers ek yn it offisjele ferkear te brûken.”

Amtners dy’t gjin Frysk skriuwe en Amsterdammers mei in twadde hûs yn Fryslân, wat moatte dy?

„Fansels korrespondearje wy likegoed yn it Nederlânsk. Wy hawwe foar it Frysk in korreksjetsjinst foar amtners opset en wy stelle in opliedingsbudzjet beskikber. Belanghawwenden dy’t it Frysk net ûnder de slach hawwe, kinne in Nederlânske oersetting fan in amtlik stik easkje.”

Is dy striid net sûnder hoop, it Frysk is dochs foar de dea opskreaun?

„Och, dat roppe yntellektuelen al 500 jier. Hja sjogge net yn dat it Frysk de taal fan it folk is. Yn it ramt fan de pluriformiteit en de meartaligens is dat in geweldige ôfspraak. It makket de status foar it Frysk heger.”

Arjen Ribbens

Zie www.nrc.nl/next voor de Nederlandse vertaling